Leuke cursus

“lintsje”

Tank foar alle reaksjes op it “lintsje”.

                                            


Tiisdei 26 april wie in aparte dei. Lenie hie sein dat der roun tsien oere moarns in pear minsken ut Snits kommen soene foar in skilderij wat se earder sjoen hienen. Mar de minsken kamen mar net en ik woe efkes bûten sjen wer’t se úthongen. Mar dit waart my op dudlike wize troch Lenie ut de holle praten. Uteinlik gyng de doorklapper en myn fernuvering wie grut by it sjen fan myn hiele famylje, boargemaster de Vries, froulju mei blommen en taskes, oare pommeranten en Bruno Rümler mei syn gitaar en hy sette it drekt op in spyljen en sjongen. Ik kin jim sizze dat ik wol fan it hynder wie. Edelachtbare frou de Vries spruts mooie wurden en der stean je dan mei in spjeltsje, blommen en in blau kofferke.

                                                                                          

Wat in prachtige dei minsken. En op de ein fan de midje in resepsje yn op ‘e Hichte mei oranjekoek en bygelyks de seal hast fol mei minsken mei lokwinsken, presentsjes, en blommen. Allegear hiel hertlik tank hjirfoar, ek de minsken dyt neitiid nog kamen mei lokwinsken, kaartsjes ensfh. 
Minsken, ik besjoch it sa: Ik bin der no efkes útfiske mar we ha elkoar allegear nedich. Ik wol it lintsje dan ek opdrage oan Lenie en oan elkenien. We sette us allegear yn foar it doarp, tsjerke en de mienskip, de iene wat mear, de oare wat minder, de iene sichtber en de oare yn stilte. Litte we it sa halde en hoopje dat we hjirmei, sa lang as it giet, trochgean kinne.                                                                                                                                                                                                                                                                      

Jentsje Fekkes    
 
terug