DAGELIJKS LEVEN

It Leauwe 
Doe’ t myn Heit de grutte doar fan ‘e Gertrudis yn Warkum foar mij iependie doe stie ik dêr alhiel ferbjustere. Ik bin dêr ek doopt mar dat  wit ik sels net ‘bewust’ want doe wie ik noch mar sa lyts. Ik wie noch mar krekt fjouwer jier mar ik ferjit it nea. WAT WIE DIT MOAI. Ik waard sa bliid want ik tocht: dit is it HÛS fan GOD. Hjir mei ik alle dagen komme ... want us Heit hat de kaai en ik wenje hjir flakbij.
It leauwe dat ik ‘fan hus ut’ meikrige ha is myn libben lang in grut geskink. Dat geskink waard troch  dat ‘mei Heit en Mem yn Tsjerke’ en ‘myn wurkjen mei de bern’ allinne mar grutter en riker. Want ik ha 40 jier lang foar de klas stean mochten en dus ek 40 jier lang ut é Bibel fertelle mochten. Mar it measte mocht ik, ek dêryn, fan é bern sels ûntfange.
Dat dy lytse bern  altiten  wer sa helderop fertelle koene wêr ’t it om gie yn dy ferhalen hat mij altiten djip rekke. Bliid  makke en treast jûn in muoilike tiden. Dat  God sa TICHTEBIJ  us wêze wol. Us sjocht en nei us bidden heart.
“Kin juf hjoed ek foar us Pake bidde?”
“Jawis, mar wêrom moatte wij hjoed foar Pake bidde?”
“Dat us Pake net sa allinne is yn Bloemkamp.”
“Kin juf dat efkes tsjin God sizze?”
Dat is it leauwen  foar mij ... sa tichtebij.

Hope
De hope yn it leauwen lit mij sjonge. Dwers tsjin alles yn sjonge. Wat us mûle net sizze kin, wat us hert net uterje kin dat sjonge de lieten us foar. En wat binne wij ryk at wij dat kinne. Ik wie al op it bernekoar yn Warkum en letter altiten lid  fan it Tsjerkekoar. Doe ’t  ík yn Koudum kaam waard ik frege om bij us Tsjerkekoar te kommen. Letter waard dat ‘Vox Humana’ en it moaiste wat wij ea songen ha [siz ik altiten] wie: ‘Christus Geboorte’. Dat Rients Beintema, ûnderdûkt dêr yn it bosk fan Riis, yn dy tsjustere tiden, dit Krystoratorium skriuwe koe. ‘Sta nu op, wordt verlicht want UW LICHT  komt.’
De wanhope sil it net winne mar it leauwe en de hope dat de berte fan JEZUS KRISTUS foar altiten it TSJUSTER oerwinne sil.

De leafde
Yn petear mei in goede freon sei ik lêstendeis: Ik sit net echt yn oer korona. Al hoe earnstich at dat is [hear de ferhalen mar fan de ferpleechkundigen dy ’t op de IC wurkje.] Mar wêr ’t ik wol oer ynsit dat is de tiid wêryn ’t wij no libje. En wêryn ik folslein ferbjustere bin as ik hear hoe ’t minsken mei sa ‘n  grutte aggresje libje. It liket somtiden at ‘mei it mes klear stean’ gewoan wurden is. Dat wolle wij us bern dochs nea leare ‘dat dat gewoan wêze sil.’ Dat is finaal de oare kant fan ‘mei elkoar yn leafde libje.’
At men Koudum ynriden komt dan stiet dêr in grut boerd oan ‘e dyk mei de wurden: KOUDUM, IT WAARME HERT FAN DE SUDWESTHOEK.
Dat DAT sa wêze mei, DAT winskje ik us allegearre fan herte ta. Ek fanut us mei elkoar tsjerkemienskip wêze.
 
terug