PKN
Protestantse Gemeente Koudum
 
De lêste Koudumer preekbeurt fan Ds. Ries den Dekker De lêste Koudumer preekbeurt fan Ds. Ries den Dekker

Snein 21 july hâlde Den Dekker in moaie ‘âlderwetske’ preek, dy’t de tahearders gjin tiid jûch om ôf te dwalen. Hennie Dijkstra betanke Den Dekker nei ôfrin foar syn ynset foar Koudum. Sy fertelde noch in pear anekdoates út it ferline. Hennie siet destiids in de saneamde hoarkommisje en fertelde oan de tsjerkerie dat dizze nije dûmny preekje soe yn in wite toga. Inkele âlderlingen, ferslokten harren hast yn de kofje doe’t sy dat hearden. De gemeente hie der minder muoite mei die bliken. As kado kaam Hennie mei Koudumer beantsjes en in fleske ‘Oer de Wjuk’. Doe’t ik yn de toer kaam om him en syn frou de hân te skodzjen, seach er my efkes djip yn’e eagen en sei, ‘do bist Ulfert’. Nei 35 jier fûn ik dat wol in prestaasje. Doe’t Den Dekker hjir kaam ha ik him yn it begjin regelmjittich moete, want ús bedriuw mocht de pastorie ferbouwe. Dat hat noch efkes wat spanning jûn tusken tsjerkerie en dûmny. Hy woe dat it allegearre rapper gean soe, mar om’t er ek noch al wat  efterstallich ûnderhâld te dwaan wie, duorre it wat langer as pland. Der kaam in nije badkeamer. Der waard bygeliks sintrale verwaarming oanlein, sadwaande wiene yn hast alle romten tydlik planken út de flier helle. Der waarden in tal âlde reekkanalen sloopt. Ek moast der in nije keuken komme. Ein oktober 1978 teach ik sadwaande op in moandei, let yn’e middei, mei tsjerkfâld Meindert de Witte en Den Dekker op de efterbank yn ús Renault 12 nei de NBM yn Lemmer om in keukenblok út te sykjen. Wy wiene der samar út. Dûmny kaam nei de berte fan ús soan (maart ’79) oan de doar op’e Havenkade. Jitske tocht efkes wat is dit foar man, ‘no ik bin de nije dûmny’ sei er. ‘Oh, kom der dan mar gau yn’. Hy hat soan Sijbolt en syn neef Harmen toen noch doopt. Dochs spitich dat wy him in Koudum net mear op’e preekstoel werom sjogge.

Ulfert de Jong
terug
 
 

kerkdienst
datum en tijdstip 22-09-2019 om 9.30 uur
meer details

Beheer (vergaderrooster 2020 maken)
datum en tijdstip 26-09-2019 om 19.45 uur
meer details

kerkdienst
datum en tijdstip 29-09-2019 om 11.00 uur
meer details

kerkdienst
datum en tijdstip 06-10-2019 om 9.30 uur
meer details

 
 
Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.