11.png)
KOM SKEPPER, GEAST
KOM SKEPPER, GEAST
1 Kom Skepper, Geast Do,
dy’t de dei beskynt,
ús hert ferwaarmet.
Wy loovje Dy om
de gloede yn ús siel,
de passy en it sear,
wy loovje Dy om
it langstme dat wjerklinkt.
refrein:
Mei wyn yn it hier
en sinne_yn ’e rêch
leit it lân foar ús iepen.
Mei Dy oan myn side,
mei Dy op myn paad,
gjin kwea sil ik duchtsje,
want Do bist neiby.
2 Kom Skepper, Geast Do,
dy’t de nacht trochbrekt,
de skimertiid betwingt.
Wy loovje Dy om
it teare fan ’e moarntiid,
de earste stappen fan in bern,
wy loovje Dy om
treast dy’tsto skinkst. (refrein)

3 Kom Skepper, Geast Do,
dy’t minsken rekket
en winterkjeld ferdriuwt.
Wy loovje Dy om
rivieren dy’t streame,
in salm dy’t opspringt,
wy loovje Dy om
azem dy’tsto bringst. (refrein)
4 Kom Skepper, Geast Do,
dy’t ús ropt om te gean
en yn beweging set.
Wy loovje Dy om
de dieren op it fjild,
in gealtsje dat sjongt,
wy loovje Dy om
frijheid dy’t ferbynt. (refrein)
5 Kom Skepper, Geast Do,
dy’t wûnen hielet,
kom yn ús bestean.
Wy loovje Dy om
de wyn dy’t waait,
de tromme dy’t klinkt,
wy loovje Dy om
frede dy’t ferstillet. (refrein)
.png)
1 Kom Skepper, Geast Do,
dy’t de dei beskynt,
ús hert ferwaarmet.
Wy loovje Dy om
de gloede yn ús siel,
de passy en it sear,
wy loovje Dy om
it langstme dat wjerklinkt.
refrein:
Mei wyn yn it hier
en sinne_yn ’e rêch
leit it lân foar ús iepen.
Mei Dy oan myn side,
mei Dy op myn paad,
gjin kwea sil ik duchtsje,
want Do bist neiby.
2 Kom Skepper, Geast Do,
dy’t de nacht trochbrekt,
de skimertiid betwingt.
Wy loovje Dy om
it teare fan ’e moarntiid,
de earste stappen fan in bern,
wy loovje Dy om
treast dy’tsto skinkst. (refrein)

3 Kom Skepper, Geast Do,
dy’t minsken rekket
en winterkjeld ferdriuwt.
Wy loovje Dy om
rivieren dy’t streame,
in salm dy’t opspringt,
wy loovje Dy om
azem dy’tsto bringst. (refrein)
4 Kom Skepper, Geast Do,
dy’t ús ropt om te gean
en yn beweging set.
Wy loovje Dy om
de dieren op it fjild,
in gealtsje dat sjongt,
wy loovje Dy om
frijheid dy’t ferbynt. (refrein)
5 Kom Skepper, Geast Do,
dy’t wûnen hielet,
kom yn ús bestean.
Wy loovje Dy om
de wyn dy’t waait,
de tromme dy’t klinkt,
wy loovje Dy om
Gesang 697
|
.png)
terug