TER INSPIRATIE

AS IN BERN YN’E WRÂLD

Wa is yn Gods keninkryk
wichtich as gjin oar te neamen?
Hij dy’t oan in bern gelyk
yn'e romte fan syn dreamen
him fernuvert oer de dingen
ûnder wurden net te bringen.

Refrein:
Iepen eagen, iepen earen,
en in see fan tiid te gean
om bij alles stil te stean,
noait te grut en noait te âld
om ferwûndering te learen:
as in bern yn'e wrâld.

Dy’t net oan de dagen tilt
sil in frijheid ûnderfine
grutter as te keap foar jild,
dat it each sa faak ferbline.
Sjoch de rykdom om dy hinne,
sa’t de lytse bern noch kinne.         Refrein

Kom net oan it each fan bern,
straf se net mei gâns ferdwazing.
Lit se om har hinne sjen,
fol ûnthjit en fol ferbazing.
’t Heimnis fan ús djipste wêzen
is op har gesicht te lêzen.                Refrein

Eppie Dam
(liet 91, ‘Hertslach – lieten om it út te sjongen)
 
terug