Vorming en Toerusting

IN MOAIE DEI             

Wat ha wy hjoed in moaie dei hân, sa klonk it yn ’e bus. Dy bus hie us nei Elburg ta brocht. Organisearre troch de kommisje Foarming en Tarissing fan us Martinitsjerke belibben wy in hiele moaie dei. Dat de bus sa folrekke dat der noch in auto mei reisgenoaten efteroan ride moast  kaam troch Sietske Bootsma har krewearjen. Hja moat hast bannen fersliten ha om dy bus fol krije te kinnen. Troch de hearlike kofje in Op ‘e Hichte kaam de sfear der al goed yn.
Wy reizgen ôf nei de tentoanstelling: Zandverhalen. Wy kamen eagen te koart. De hiele skiednis fan us bestean tearde dêr foar us iepen. Folken dy ’t harren leauwe net mear belibje mochten om ’t oaren kamen en oerhearsken. We seagen bg. Willibrord [de apostel der Friezen] dy ’t op in prachtich grut hynder hjir hinne kaam om it Evangeelje te bringen. Men kin hast net begripe dat dit sa yn SÂN utbylde wurde kin. En tagelyk deadsbange minsken dy ’t har efter oer âlde doarren ferskûlen om ’t hja by in oare god hearre. Hoe ’t men dat sa utbylde hat. Oangripend. Dat it dochs nea oars wurdt mei us, sa klonk it om us hinne.
Foar wa ’t grut wurde mocht mei de ferhalen ut ‘e Bibel gie der ek in wrâld iepen. Wy rûnen  by wize fan sprekken de ferhalen yn. Moast ris sjen !!! (sa klonk it om us hinne). De skepping mei Adam en Eva. It folk Israel yn har tocht troch de woestyn.
Mozes, De Farao (heech oer alles hinne op syn troan) David, Simson, Elia… De berte fan Jezus. Jezus mei syn disipels. De siken dy ’t men by Jezus brocht. Alles dalik herkenber foar wa ’t thus wêze mei yn dy ferhalen. Kening Jezus op dy lytse ezel nei Jeruzalem ta. It lêste Nachtmiel. It lege grêf. Jezus en de Emmausgongers. Tefolle om op te neamen.  
                                     
                                                                                                                                                         
        
Men moat it sjen want it is hast net te leauwen dat al dy keunsters dit sa boetsearre ha. En hat men it alris sjoen...dan kin dat sekuur nochris want men komt eagen te koart. Mei in hearlike kop kofje waard dizze moarn dêr ôfsluten. Mei TANK foar safolle hertlikens dêr ûntfongen.
It twadde part fan dizze bysûndere dei wie in kuiertocht troch de âlde stêd. De stiennen mei de Davidsstjêr oan ‘e muorre fan harren hûs doe, litte no sjen wêr ’t hja wenne ha. Wêr ’t hja weifierd binne en ombrocht yn konsintraasjekampen. Wy wiene kâld om ’t de sinne der net by kaam hjoed mar it fielde dûbeldop kâld troch dizze ferhalen. Dat wy dat dochs sa min leare: Yn Frede mei elkoar libje. Hoe faak wy dat net seine dy middei. It makke us no, mei de oarloch yn Oekraine wol hiel tichteby, dûbeldop stil.

                                                                                         

Mar us gids hie ek oare moaie ferhalen oer bysûndere ynwenners fan doe. Ferhalen fan koartswyl, humor en laitsjen. Wat koe dy man fertelle !! As lêste part fan dizze bysûndere dei giene wy nei it Joadske begraafplak. De grêfstiennen binne no allegearre restaurearre en de gids fertelde wat al dy symboalen dêrop skildere betsjutte.
Wat ha wy hjoed dochs in bysûndere dei meimakke, sa klonk it rûnom. Ja dat ha wy en wy wolle us kommisje dan ek fan herte TANK sizze. Wat hiene jimme dit foar elkoar. As lêste noch in DANKEWOL foar sjauffeur Henk. Wy krigen as ferrassing op reis nei hûs ta fan him noch in tocht by de blombollefielden lâns. It koe net moaier no.
Fr.gr, Hennie Dijkstra
 
terug