IN MINSKE WÊZE OP IERDE

1 In minske wêze_op ierde,
troch tiid en romte gean,
is libje fan genede
en einichheid ferstean,
is libje fan de wurden
dy’t God de mins beskreau
en lykas Jezus wurde
doe’t Him it libben dreau.

2 In minske wêze_op ierde,
troch tiid en romte gean,
is út it wetter rize
en foar de leechte stean,
gjin god fan heger wearde,
gjin ingel en gjin dier,
in libbene, in deade,
in minske_yn wyn en fjoer.


3 As minske_ûnder de sinne
bestean yn romte_en tiid,
dat is de dea fernimme,
de frede en de striid,
de dagen en de nachten,
de honger en de toarst,
de fragen en de klachten,
bekommernis en koarts.

4 As minske_ûnder de sinne
bestean yn romte_en tiid,
dat is de Geast fernimme
dy’t nei it libben liedt;
de neiste bystân biede
en mei Gods wurden gean,
dat is op dizze ierde
it duvelswurk wjerstean.


Tekst: Willem Barnard, by Mattéus 4, 1-11 – ‘Een mens te zijn op aarde’ Oersetting: Douwe A Tamminga en Eppie Dam
Meldij: Strasbourg 1545/Lyon 1547/Genève 1551 – Psalm 128
terug